De Gouden Hoepel

'Tusken Aggema en Vinia'

Aggema-State

Tusken Penjum en Wytmarsum leit as meast sudlike oan 'e alde Marnewal Aggema-State op de 'Campen', sa't it der fan alds neamd wurdt. Der moat eartiids it Aggema-Slot stien hawwe. Yn 't lest fan de fyftjinde ieu is dat boud troch Alef Aggema. Se koene yn dy tiid maklik van namme feroarje want Alef wie eins in Walta, mar makke fan de foarnamme fan syn pake Age, syn nije achternamme. Yn 1572 is er stoarn. Under de Spaanske oerhearsking hat Alva syn slot yn beslach nommen en de bewenners ferdreaun omdat Alef tekene hie foar it 'verbond der edelen', alteast sa skriuwt Algra yn syn histoarsysk wurk. Yn 1791 waard it 'adelijk slot de Campen' te keap oanbean en dernei wie der boelguod fan meubels, skilderijen, in huningpers, in eide en in skoffelploech.
De greft om de pleats dy't der tsjintwurdich stiet, jout noch wol oan hoe grut it hiem eartiids west hat, mei sunder mis moaie tunen om it slot hinne. Yn 1715 hawwe se de pleats opmetten. Doe moat dy 63 punsmiet en 10 einsen grut west hawwe. (in einse is in tolfe part fan in punsmiet).

It is min nei te gean hoe't it allegear om en ta gongen is, mar nei myn ynformaasje moet in Frans de Boer eigner-bewenner west hawwe yn 'e ein fan de achttsjinde ieu. It rekke polityk gans yn unstjoer mei de komst fan de Fransen hjirre. Frans de Boer skynt doe utnaaid te hawwen en fun de boel alhiel utlibbe en fertutearze werom, doe't er wer kaam. It slot is doe foar ofbraak ferkocht. Yn 1798  wie Folkert Grasburg eigner en is op dat stee de tsjintwurdige pleats boud. Fan 1818 oant 1828 waard dy bebuorke troch Jan Tjeerds Bruinsma, dernei troch de soannen Tjeerd en Gerben en wer letter troch Gerben Jans Bruinsma

Yn 1889 wurdt Aggema-State troch notaris mr. J. Klaasens de Boer te Wytmarsum publyk feild. De pleats mei 38 ha. lan bringt dan f. 49.260,-  op. Keapers wurde de susters A.M. Leemkoel en M.G. Leemkoel te Harns en de hear J.H. Leemkoel dy't r.k. pastoar wie yn Ankeveen.
Yn 'e keapakte wurdt apart neamd de huzingmei 'afzonderlijk stookhok, hoving, hieminge cum annexis', en dat it hiem 18 are en 70 sintiare is en in grientetun fan 13 are en 20 sintiare hat. Dit leit allegearre binnen de alde slotgreft.

Yn 1890 hiert Anne Reitsma, ien-entritich jier ald en boerefeint te Skettens, de pleats Aggema-State mei in pear stikken lan fan de famylje Leemkoel. It oare lan wurt los ferhierd. Anne Reitsma wie doe noch freifeint en doarst wol wat oan. Fan dy tiid is gjin hierkontrak, mar it is bekend dat yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu de pleatsen min oan 'e man te bringen wiene.

etc., etc.