...

Mar d'r binne mear plakken, dy't men achtslaen moat. Sa hat Hepkema d'r yn syn Eenvoudige Memories al op wiisd, dat de efterkant fan it buord met de 10 Geboaden yn de tsjerke fan Burchwert, it wapen fan dat doarp sjen lit.

In selde gefal die him foar yn Spannum. In opknapbeurt oan de tsjerke derre, learde us koartlyn, dat wy rounom us omtinken jaen moatte oan de efterkant fan soksoarte buorden.Opmerklik wie, dat it doarswapen net, mar dy fan in pear tsjerkfadden wol oerstutsen wiene.

De tredde soartengelikense fynst levere us Skettens, Boppeoan hjir net it doarswapen, mar dy fan de grytman Schwartzenberg, dat net oerferve wie, mar dy fan de dumny en twa tsjerkfadden wol.

It is dudlik: de buorden hawwe oan de Franske tiid ta mei de wapens nei foaren yn de tsjerken hongen. Doe hat men blykber fan de need in deugd makke: de buorden foar in part oerstrutsen, omkeard en tsjintber makke oan it Evengeelje.

......